Friezen binne gelokkichste minsken fan Nederlân

02 nov 2015 - 10:06
  • Friezen binne gelokkichste minsken fan Nederlân

Binne jo gelokkich? Ut ûndersyk fan it CBS blykt dat Friezen de gelokkichste minsken fan Nederlân binne. Sa'n 87 prosint fan de ynwenners fan ús provinsje seit tefreden te wêzen mei harren libben. It giet dan benammen oer in relaasje, de finansjele situaasje en de frije tiid.

Manlju binne dan noch wer gelokkiger as de froulju. Manlju fiele harren hast altyd rêstich. Froulju binne faker senuweftich en tryst.

Yn Drinte en Seelân binne de ynwenners like gelokkich as wy. Yn Flevolân wenje de measte ûngelokkige minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)