Kollum: ''De middelfinger fan in terror-beppe''

02 nov 2015 - 08:31

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.

Ferline wike joech ik myn aaistokken fuort en it like wol as stuitere ik fuortendaliks de menopauze yn. Yn Grins kocht ik nammentlik in nij geurke en dan krijst der fergees altyd in oantal proefmeunsterkes by. Doe’t ik thús kaam smiet ik nijsgjirrich it pûdsje op ‘e kop. Mar yn stee fan lekkere geurkes rûgelen der trije krêmkes út. De earste wie bedoeld om de rimpels by myn eagen wer wat strak te lûken. De twadde wie tsjin pigmintflekken en spotieren op ‘e kûten. En de tredde hie de namme Multi-Lift en beloofde it âld fel op myn kopke nei fiif kear smarren wer syn jeugdige elan werom te jaan.

BAM. Dy trije krêmkes drukten my knoeperhurd mei de noas op de feiten. Ik wurd âld. Net âlder, want dat wurd ik al jierren. Nee, ik wurd noch écht âld. Hast tritich, dus it is no offisjeel. It moaiste is der ôf. De ôftakeling begjint.

No wol ik jim gjin depressy oanprate sa op de moandeitemoarn, dus fandêr dat no it goeie nijs komt. Ald is tsjinwurdich wer retehip. Sjoch mar ris om dy hinne. Jan en alleman fleant massaal nei de muzykwinkels om fan dy grutte swarte finyl platen te keapjen. Thús lekker mei dat nuddeltsje fan de platespiler omknoeie en dan genietsje fan dat getik troch de muzyk hinne. Net mear fia Spotify gau efkes in nûmerke downloade, nee wy wolle wer de tiid nimme foar muzyk.

En skammest dy tweintich jier lyn noch kapot as dyn beppe in trui foar dy breide hie, tsjinwurdich sjochst oeral minsken mei selsbreide kreaasjes. Breidzje en ek hake is mega populêr. Froulju mei sels makke poncho’s om ‘e skouders, haakte plaids op ‘e bank en sels breide sjaals om ‘e nekke. Yn plak fan it spul op Zalandoo te bestellen, wurde der âlderwetsk wer haakpatroanen útwiksele. Hearlik retro.

Mar no komt it: ek de âlderein wurde hieltyd hipper. Yn de fitnessseal sjoch ik pake’s mei hippe patta’s oer de loopbân draven. Undertusken swaaie beppe’s yn strakke tigerprint leggings fleurich mei fan dy swiere cattle bells yn de rûnte. En ik hearde in freon lêst fertellen dat syn beppe in tattoo naam hie. In prachtige blauwe paradysfûgel krekt boppe har bilnaad. Och ja, lake se doe’t de hiele famylje ferbjustere nei it bist seach, it like har altyd al aardich, en wa hold har no noch tsjin?

Begryp my net ferkeard, ik fyn it geweldich om te sjen hoe’t elkenien tsjintwurdich op syn eigen wize âld wurdt, en dochs hip bliuwt. Mar der binne ek minsken dy’t wat oerdriuwe. Sa ried ik foarline wike út it wurk wei nei hûs ta. Al fier foar it Drachtsterplein hjir yn Ljouwert stie der in lange file. Dus doe’t it ferkearsljocht op grien sprong, duorre it tiden foardat wy ride koenen. Mei in slakkegonkje rôle ik mei myn skriuwweintsje oer it krúspunt. Samar ynienen heard ik ‘Hé jong!’ en dêrnei twa doffe dreunen op myn achterrút. Wat blykt no? Mei in gonkje fan in kilometer as 5 rôle ik per ûngelok oer it oerstekplak foar kuierders, dêr’t krekt it ljocht op grien sprong wie.

Ik skrok my dea fan dy dikke dreunen op myn rút. Ferbaasd seach ik nei it âldere stel dat mei de fûsten yn ‘e loft op myn auto stie te beuken. Nee, net fan dy opsketten pubers of fan dy balstjurrige tokkies mei grauwe tatoo’s yn de nekke en in woeste bulldog oan de riem. It wie in kreas âlder stel fan in jier as 70, op fan dy lekkere stevige stappers, beide deselde ôfritsbroek oan en in identyk readkleurich wynjack. En poerrazend dat se my toch wienen omdat ik se foar de fuotten ried. Dus sloegen se fan pure frustraasje op myn auto. Doe’t ik de frou fol ûngeloof oanseach, stuts se feninich de middelfinger nei my op.

Sjoch, dat âld wer hip is, fyn ik prima. Mar dit gong my wat te fier. Yn stee fan ek de middelfinger op te stekken tsjin dizze terror-beppe, wist ik my te behearsen. Ik wie dan net de alderâldste, mar dit kear wol de wiiste.

Noflike moandei!

Folgje Nynke van der Zee op har webside www.nynketxt.nl. Tiisdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Willem Schoorstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)