Sulver foar shorttrackmanlju op ôflossing yn Montreal

02 nov 2015 - 07:28
  • Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma

De shorttrackmanlju hawwe snein op de wrâldbekerwedstriid yn Montreal sulver helle op de 5000 meter ôflossing. De ploech bestie út Sjinkie Knegt út Bantegea, Daan Breeuwsma út Akkrum, Ljouwerter Itzhak de Laat en Freek van der Wart. Allinnich Sina bleau de manlju foar.

Yndividueel slagge it Knegt net in twadde medalje te pakken nei it sulver fan sneon op de 1500 meter. Op de 1000 meter einige it foar de Bantegeaster mei in diskwalifikaasje. Breeuwsma waard fjirde yn de finale op de 500 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)