Jelsma 10e by Energiewachttour

08 apr 2012 - 16:39

Judith Jelsma, berne yn Ljouwert, is snein tsiende wurden op de slotdei fan de Energiewachttour. De lêste etappe fan de ynternasjonale fiif dagen waard wûn troch de Ingelse Olympysk kampioene Nicole Cooke.

De einoerwinning fan de Energiewachttour wie foar de Dútse Ina Yoko Teutenberg. Ploechgenoate Ellen van Dijk waard twadde foar wrâldkampioene fjildriden Marianne Vos.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)