Erwin Zwart mei Oranje oertsjûgjend pûlwinner by WK kuorbal

01 nov 2015 - 17:42

Kuorballer Erwin Zwart is snein mei it Nederlânsk alvetal oertsjûgjend winner wurden yn de pûl by it WK kuorbal yn België. Yn de lêste wedstriid fan de pûlfaze wie Oranje mei 42-13 te sterk foar Hongarije. By rêst stie der al in komfortabele 24-8 foarsprong op it boerd. Zwart, spiler fan LDODK út De Gordyk en Terwispel, die de hiele twadde helte fan de wedstriid mei.

Dêrmei is Oranje troch nei de folgjende ronde. Sneon wûn Nederlân mei 35-12 fan Dútslân. Freed wie der al in romme 41-16 oerwinning op Tsjechië.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)