Stroetinga 7e yn koppelkoers

08 apr 2012 - 15:44

Yn de koppelkoers, it lêste ûnderdiel fan it WK baanhurdfytsen yn Melbourne, is Wim Stroetinga fan Aldeberkeap der net yn slagge in medalje te pakken. Tegearre mei Peter Schep einige Stroetinga op in teloarstellend sânde plak. It Nederlânske duo wûn wol de slotsprint, mar pakte dêrmei net genôch punten foar de titel.

De wrâldtitel gong nei Kenny de Ketele en Gijs van Hoecke út België. Ingelân waard twadde, it brûns wie foar Australië.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)