SC Hearrenfean wint mei 2-0 fan SC Cambuur yn Fryske derby

01 nov 2015 - 16:19
  • De tribune yn it Abe Lenstrastadion

SC Hearrenfean hat thús mei 2-0 wûn fan SC Cambuur yn de Fryske derby. Foar rêst skoarde Hearrenfean beide goals. Dy foarsprong joegen de Feansters nei rêst net mear út hannen.

De oerwinning fan SC Hearrenfean betsjut foar trainer Foppe de Haan syn 100e thúsoerwinning mei ien earedivyzjeklup. Hjirmei komt Foppe yn in yllúster rychje mei trainers Rinus Michels (108 mei Ajax), Guus Hiddink (102 mei PSV) en Kees Rijvers (101 mei PSV).

Al yn de fjirde minút kaam Hearrenfean op in 1-0 foarsprong. Cambuur-ferdigener Dammers besocht in foarset fan Hearrenfean-middenfjilder Cavlan fuort te wurkjen, mar rekke de bal ferkeard. Fia de peal ferdwûn de bal achter doelman Nienhuis yn de goal.

Fuort dêrnei krige Van de Streek foar Cambuur in grutte kâns op de lykmakker, mar de measte en bêste kânsen wienen foar SC Hearrenfean. Under oaren St. Juste, Larsson en Te Vrede misten.

Yn de 34e minút ferdûbele Hearrenfean dochs de foarsprong. Te Vrede skoarde út in strafskop, nei in oertreding fan Anderson op Cavlan. De Ljouwerter ferdigener krige ek in giele kaart.

Nei de 2-0 grypte Henk de Jong yn. Hy helle middenfjilder Monteiro fan it fjild en brocht oanfaller Martijn Barto. Dat brocht foar rêst lykwols gjin doelpunten.

Nei it skoft begûn SC Hearrenfean op 'e nij fel oan de wedstriid. Larsson miste in kâns, doe't hy mei in hakbal besocht Nienhuis te passearjen. Ek dêrnei bleau Hearrenfean de meast oanfallende ploech.

Ekstra domper foar Cambuur wie it útfallen fan ferdigener Mac-Intosh yn de 64e minút. Hy moast mei in brankaar fan it fjild droegen wurde. Martijn van der Laan wie syn ferfanger.

De bêste kâns foar Cambuur kaam yn de 75e minút. Ynfaller Jack Byrne naam in frije traap op de râne fan de 16 meter, mar syn skot spatte útein op de krusing. Oan de oare kant misten Thorsby, Cavlan en Te Vrede mooglikheden op de 3-0 en dêrmei waard de rêststân ek de einstân: 2-0.

Troch de oerwinning stiet SC Hearrenfean 14e, SC Cambuur bliuwt 17e.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)