Himpkwekerij ûntdutsen yn hûs Appelskea

01 nov 2015 - 10:47

Yn in hûs oan de Huissteegde yn Appelskea hat de plysje in himpkwekerij mei 190 planten oprôle. Der wie in melding binnenkommen by de helptsjinsten dat der in man yn it hûs net goed wurden wie. Hy is nei it sikehûs brocht.

Doe't de plysje it hûs ûndersocht, waarden de himpplanten en de apparatuer fûn. Alles is yn beslach nommen. De bewenner wurdt heard troch de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)