Marrit Steenbergen kin Kromowidjojo noch net ferslaan

01 nov 2015 - 00:02
  • Marrit Steenbergen

Marrit Steenbergen hat op de twadde dei fan it iepen NK swimmen koartebaan yn Tilburg it sulver wûn op de 100 meter frije slach. It 15-jierrige talint út Easterwâlde moast allinne Ranomi Kromowidjojo, de Olympysk kampioene fan Londen 2012, foargean litte. Kromowidjojo swom 51.72, Steenbergen 53.35. Freed pakte Marrit Steenbergen it goud op de 200 meter frije slach.

Kinge Zandringa pakte har twadde brûnzen medalje, no op de 200 meter flinterslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)