Arjan Stroetinga fiert it feestje te betiid

31 okt 2015 - 22:47

Arjan Stroetinga tocht sneontejûn dat er de twadde maraton fan it seizoen yn Utrecht wûn hie. Nei de einstreek wie it jûchhei by de fiiffâldich kampioen op keunstiis út Waskemar. Gary Hekman twivele lykwols oan de útkomst. Nei it sjueryberied en it besjen fan de finishbylden wie it minimale ferskil yn it foardiel fan Hekman. De Frânsman Alexis Contin waard tredde.

By de froulju wûn Janneke Ensing, foar Carien Kleibeuker en Iris van der Stelt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)