UNIS Flyers wint sûnder spektakel fan Nijmegen

31 okt 2015 - 22:25

UNIS Flyers hat yn de bekerkompetysje mei 4-2 fan Nijmegen wûn. Nick de Jong sette op it iis fan Thialf de gasten op foarsprong. Ronald Wurm, Valentijn Bouten en Tony Demelinne soargen dêrnei foar de 3-1 foarsprong. Yn de twadde perioade hiene beide ploegen har krûd fersketten. Nei de 3-2 fan Rick Wijnen soarge Flyer Harry Matheson foar it slotakkoard. Sneintejûn stiet de útwedstriid tsjin Dordrecht op it programma.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)