Aris ferliest mei romme sifers by Rotterdam

31 okt 2015 - 22:07

De basketballers fan Aris koene it lang net oprêde yn en tsjin Rotterdam. It waard in 74-56 ferlies. Yn it earste kwart gong it al mis. Oanfallend brochten de Ljouwerters temin, it waard 20-9 foar Rotterdam. It twadde kwart wie mei 20-15 foar Aris, mar dêrnei gong it wer folle stroefer.

Rotterdam wûn de lêste twa kwarten mei 17-11 en 22-16. Nigel van Oostrum kaam as iennichste Aris spiler yn de dûbele sifers, hy makke 12 punten.

Trefwurden: 
basketbal Aris
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)