Punt foar ONS op eigen fjild tsjin DVS '33

31 okt 2015 - 17:00

ONS Boso pakte sneon in punt út it 1-1 lykspul tsjin DVS '33. Op eigen fjild begûn de ploech fan Richard Karrenbelt yn de 17e minút mei in skot fan Martijn Roosenburg, dat troch de peal keard waard. ONS moast dêrnei mei 10 man fierder, doe't Gustavo van der Veen read krige. Nei it skoft wie it raak by DVS '33 en kamen de gasten út Ermelo yn de 73e minút op 0-1. Rein Werumeus Buning brocht de spanning werom mei de Snitser lykmakker. Yn in spannend slotakkoard waard net mear skoard.

Troch it lykspul komt ONS op 9 punten út 10 wedstriden.

Trefwurden: 
fuotbal ONS
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)