Winst foar Harkiten yn derby Fryske Wâlden

31 okt 2015 - 16:34

Harkemase Boys hat sneon de earste perioadetitel pakt. De ploech wûn de Fryske twastriid yn de haadklasse mei 3-0 fan Drachtster Boys. Op it fjild fan de Drachtsters sette Robert Stelpstra yn de 16e minút de iepeningstreffer foar de Harkiten op it boerd. Nettsjinsteande kânsen oan beide kanten, waard dat de rêststân. Nei it skoft makke dyselde Stelpstra de 2-0 foar de Harkiten en smiet dêrmei de wedstriid yn it slot. Ynfaller Joram Smits sette de einstân op it boerd.

By Drachtster Boys foel Aziz Geyik al yn de 4e minút út mei in blessuere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)