Yvonne Nauta wint 3 kilometer

31 okt 2015 - 15:33

Yvonne Nauta fan Twellingea hat sneon de 3 kilometer yn Enschede wûn, sy pleatst har dêrmei foar de earste fjouwer wrâldbekerwedstriden. Nauta ried in tiid fan 4.09.90, twadde waard Jorien Voorhuis, tredde wie Annouk van der Weijden en it fjirde startbewiis is foar Marije Joling. Antoinette de Jong fan Rottum einige úteinlik as sânde.

Ireen Wüst liet freed witte dat se dit wykein net mear yn aksje komt, sy mist dus de earste wrâldbekerwedstriden.

Sneontemiddei wurde de 500 meter foar froulju en de 1500 meter foar manlju noch ferriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)