XTC-laboratoarium oantroffen yn Hoarnstersweach

31 okt 2015 - 13:29

Yn Hoarnstersweach hat de plysje freedtejûn by in drugslaboratoarium oan de 19e Wijk trije fertochten oanhâlden. Yn it gebou is ûnder oare in fjoerwapen fûn en MDMA dêr't XTC fan makke wurdt. De fertochten, in man fan 23 fan It Hearrenfean en twa manlju út Zaandam, binne ynsletten foar ûndersyk. Mear oanhâldingen wurde net útsluten.

De plysje is okkerdeis in ûndersyk begûn nei de produksje fan drugs yn dit gebiet. De tip kaam dat der yn it gebou drugs makke wurde soenen en dat der minsken wienen. De plysje hat it lab sneontemiddei ûntromme.

Foar in heal miljoen is oan grûnstoffen, goed 100 kilo MDMA, oantroffen. As dat yn produksje gien wie, soe dat miljoenen euro's opsmite.

It laboratoarium siet yn in skuorre achter in hûs. Der binne jerry-cans, in produksjetsjettel en in grut oantal grûnstoffen foar XTC-pillen oantroffen. De plysje sprekt fan swiere kriminelen dy't grutte risiko's nimme mei gefaarlike, gemyske stoffen. Saakkundigen fan de Landelijke Faciliteit Ontmantelen ha de skuorre ûndersocht. De gemikaliën binne ôffierd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)