Tsjûgen socht fan ûngelok yn Frjentsjer

31 okt 2015 - 12:30

De plysje siket tsjûgen fan in oanriding yn Frjentsjer. Op de Harnzerwei rekke in 69-jierrige frou woansdeitemiddei ferwûne doe't se mei de fyts oerstekke woe. In auto mei oanhingwein mei in kap kaam op dat momint oanriden. De karre rekke it foartsjil fan de fyts en de frou foel op it gesicht. De bestjoerder is trochriden en hat mooglik neat fan de oanriding murken. It ûngelok wie om in oere as ien. Tsjûgen kinne har by de plysje melde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)