Leden fan Harnzer Zonnebloem keninklik ûnderskieden

31 okt 2015 - 15:56
  • Lintsje

Trije leden fan de Harnzer ôfdieling fan de Zonnebloem hawwe sneontemiddei in lintsje krigen fan boargemaster Roel Sluiter. Dat wie yn it ramt fan it 50-jierrich bestean fan dy ôfdieling.

De lintsjes giene nei de 82-jierrige Elly van Berkel-Brinkman, al 37 jier aktyf by de Zonnebloem, nei de 69-jierrige Laurens Anne Posthumus dy't ûnder oare de Frjentsjerter ôfdieling op 'e nij opset hat en de 71-jierrige Jantje Antonia Net, de frou fan Posthumus, al jierren aktyf as mantelsoarger, foarsitter en organisator fan de jierlikse boattocht.

Alle trije binne se lid wurden yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)