Kollum: "Verandervaardiger"

31 okt 2015 - 10:41

Alle sneonen yn No yn Fryslân is in kollum fan Eelke Lok fan De Gaastmar. Eelke Lok wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him opfallen is.

“Moandei 9 novimber wurdt in drege dei foar de wethâlders fan ekonomyske saken fan de hoe-folle-binne-der-eins-noch gemeenten yn Fryslân. Se skowe dan oan tafel by deputearre, grut-deputearre Sander de Rouwe. En dy jout se sa alderheislikst op de bealch, dat se krûpende út it provinsjehûs weisakje. En dan hat Sander de Rouwe inkeld noch mar foarlêzen út in rapport fan in kommersjele ynstelling, it ING Ekonomysk Buro hjit dat. Dat binne gewoan in pear bankjonkjes yn blazerkes dus. Mar dy ha wol efkes konstatearre dat Fryslân wurket mei in leger oplate, wat âldere beropsbefolking. En dêrom in minder dynamysk bedriuwslibben hat as dat sy easkje fan de ûndernimmers yn Nederlân.

So. Pats. ING konstatearret dat wy mar in minderweardich folkje binne, dat net goed op de winkel past. De âlde Wiegel sei altyd tsjin ús: mar dat hinderet neat jonges, want jim wurkje wol trije kear sa hurd as dat wy yn de Rânestêd wend binne. Mar dat kin dy ING jonkjes neat skele: hurd wurkje is hiel wat oars as dynamysk. Yn de Rânestêd wurkje dus allegear saneamd dynamyske jongeren, dy’t dus jûns ek noch nei de kroech gean, en dêrom de oare moarns wol trije oeren wurk ha om op itselde peil te kommen as de wurkers hjir wei, dy’t betiid genôch op bêd gien binne. Dêrom wurkje dus alle timmer- en ynstallaasjebedriuwen fan Fryslân yn de Rânestêd. Dy slaan moarns de dynamyk deryn.

Sander de Rouwe hat it fan 'e wike ek al sein, mar guon boargemasters setten der net genôch tsjinoer, fûn ik. Van Klaveren fûn dat je dynamyk krije troch alles op ien hoop te smiten, hy neamde Drachten, moai ticht by it dynamyske Grins ta. En Apotheker mei de súdwester op woe dat der mear gruttere gemeenten komme soenen, dat soe ek o sa dynamysk wêze, al kin nimmen him dêr wat by foarstelle. Allegear fûnen se dat je de Fryske jeugd hjir hâlde moatte, mar net ien wit hoe’t je sa’n braindrain foarkomme kinne. De wethâlders hâlde har stil moandei-in-wike, ik wik it jim no al. Dy ha ’t wol troch. Jild om de jongerein hjir te hâlden, dat ha se nedich. No ja en dat moat dan mar fan Sander komme. En as je jild fan Sander ha wolle, moatte je him net tsjinprate. Dus tsjinstber knikke se allegear as er harren útskelt oer in gebrek aan ekonomyske dynamyk yn harren gemeente.

Ja, hy kin miskien net hielendal útlizze wat ekonomyske dynamyk mear betsjut as in bedriuw goed runne, mar dêr harkje de wethâlders wol trochhinne. Dus dan komt er wol mei jild. Dat skynt nedich te wêzen, want der moat wat feroarje mei dy Friezen, dat moat in oar folk wurde seit de ING. Friezen moatte en no sitearje ik it rapport fan de ING wer efkes, dy moatte ‘verandervaardiger’ wurde. Dy moatte ynienen wat oars wolle as dat se har hiele libben al sa goed mooglik dien ha. Ek al binne se binnen rekke mei it goed dwaan fan dingen, se doge net, want se binne net ‘verandervaardig’. Ik bin sa fleksibel as de hel sil in ûndernimmer roppe. Da’s bêst, mar do moatst ‘verandervaardig’ wurde.

Ja fansels ING en Sander. Der mankearret bêst wat oan ús ekonomy. Dat is sels neffens it rapport lyk oan Limburch, Seelân, Drinte. Uthoeken yn dit lân, dy’t yn ekonomysk opsicht efter rinne by de rest fan it lân. Mar dat leit him echt net oan smart yndustry. Ik kin ek genôch ûndernimmers yn Fryslân dy’t as adhd jonkjes troch it libben sleure en my dynamysk genôch binne. Doch no wat oan de gewoane ekonomy, Sander. Mar dêr lûkst alle sinten wêrfan ôf. Omdat Konst-en-dy de ynskatte totaliteit oan wurkgelegenheid net wier makke ha. Dêrom hasto dy sinten werom lutsen, ûnder it kredo ik doch gjin inkele foarsizzing. En dat soe no krekt wol kinne, gjin jild is nammentlik gjin wurkgelegenheid. Mar dat sizze jim net.

Miskien soe de provinsje ris wat ‘verandervaardiger’ wurde moatte. En kom dan, as jim tinke dat we de jongerein hjir hâlde moatte foar in dynamyske ekonomy om’t de Fryske âlde lullen dat net kinne, nije wike daliks en dynamysk ris mei in goed foarstel dêrta. ”

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Eelke’s Weblok. Tongersdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Bart Kingma.

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)