Naturistecamping 50 jier

It naturisteterrein De Appelhof yn Sânhuzen bestiet dit jier 50 jier. De ôfdieling noard fan it Nederlânsk Bûn fan Naturisten fiert it jubileum yn maaie.
Yn juny 1962 kochten in pear leden fan it naturistebûn in terrein mei in boerepleatske derop. Der waard in stifting oprjochte om it terrein te behearen. It pleatske waard opknapt en it terrein waard geskikt makke foar rekreëarjen en kampearen. Mids maaie stiet it naturistebûn stil by it jubileum.