Melkfeehâlder op Skylge útroppen ta Kanjer fan Goud

31 okt 2015 - 07:45

Melkfeehâlder Egbert Zorgdrager fan Skylge is troch de Vogelbescherming en de Postcode Loterij útroppen ta Kanjer van Goud. Hy hat in ûnderskieding krigen, mar ek in jildbedrach fan 25.000 euro. Zorgdrager soarget der mei in tal oare boeren foar dat greidefûgels feilich ferbliuwe kinne yn de Skylger polders. Sa wurdt it gers pas meand as de jonge fûgels fleane kinne.

Lanlik sjoen giet it min mei fûgelsoarten as de ljip en de skries. Op it lân fan Zorgdrager nimt it tal fûgels ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)