Man falt fan loads by De Westereen

30 okt 2015 - 18:32

In man is freed ferwûne rekke nei't er fan it dak fan in loads fallen is oan de Roazenloane by De Westereen. In traumahelikopter út Grins kaam te plak om it ambulânsepersoniel te stypjen by de stabilisaasje fan it slachtoffer.

De man is mei noch ûnbekende ferwûnings mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)