Eks-wethâlder De Vrij wurdt direkteur Zorgbelang Fryslân

30 okt 2015 - 17:21

Esther de Vrij fan De Lemmer wurdt de nije direkteur fan Zorgbelang Fryslân. Se folget per 1 desimber Guus Schrijvers op, dy't op ynterimbasis it direkteurskip waarnaam. De 38-jierrige De Vrij hat in bestjoerskundige eftergrûn en wie fan 2010-2014 wethâlder yn de gemeente Lemsterlân. Se wie ferantwurdlik foar de portefúljes soarch, wolwêzen, ûnderwiis en sport.

"De belangen van de patiënten- en consumentenorganisatie, net als de onafhankelijke positie van Zorgbelang Fryslân, staan bij mij voorop. Vanuit mijn nieuwe functie bij Zorgbelang wil ik met een positieve insteek kijken naar wat goed is in de zorg en wat mogelijk nog beter zou kunnen", sei De Vrij by har presintaasje by it Fries Zorgcongres op It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)