Omrop TIP: Tryater fiert 50e jierdei mei 'Grûn'

31 okt 2015 - 07:12

Sechstjin akteurs, trije generaasjes, fyftich jier en dat yn fjouwer oeren. ‘Grûn’ is de grutte jubileumfoarstelling fan Tryater. It Frysk toanielselskip bestiet fyftich jier en is dêrmei it âldste teaterselskip fan Nederlân. It stik is skreaun troch artistyk lieder Ira Judkovskaja en giet oer twa Fryske famyljes. De foarstelling fertelt it ferhaal fan trije generaasjes oer fyftich jier yn fjouwer oeren. Elkenien is troch de famyljebân meielkoar ferbûn, mar ek mei de tiid dêr’t se yn libje.

De foarstelling spilet fanwegen de grutte omfang eksklusyf yn De Lawei yn Drachten. Grûn fertelt it ferhaal fan twa boerefamyljes út itselde doarp. De iene famylje is roomsk en hâldt al fjouwer generaasjes it boerebedriuw draaiende. De oare famylje is herfoarme. Harren boerebedriuw waard yn de jierren santich fuortsanearre. De famyljes libje al trije generaasjes lang op en fan it lân dêr’t harren âlden en foarâlden libben.

Fryslân DOK sjocht achter de skermen, praat mei de akteurs en sjocht by de opbou fan it dekôr. De dokumintêre 'Grûn' is sneon om 15:35 oere en snein om 12:25 oere te sjen op NPO 2. En snein op Omrop Fryslân Televyzje nei Hjoed. Of besjoch it programma no al hjirûnder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)