Bûnscoach Kuiper: Bergsma mei gjin nee mear sizze

30 okt 2015 - 16:26
  • Jorrit Bergsma

As reedrider Jorrit Bergsma fan Aldeboarn noch ambysjes hat op de ploege-achterfolging, dan moat er him dêr gau wer foar beskikber stelle. Bergsma moat him der fansels earst ek noch foar pleatse. Dat seit bûnscoach Geert Kuiper.

De bûnscoach hie Bergsma ferline seizoen al graach yn syn seleksje ha wollen, mar dy betanke doe. De reedrider wie noch altiten nidich oer de gong fan saken by de Olympyske ploege-achterfolging. Bergsma fielde him net serieus naam troch syn teamleden en luts him op de dei fan de finale werom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)