FIDEO: Johan Derksen sjocht werom op syn derbys by Cambuur

30 okt 2015 - 16:21
  • Johan Derksen

Hy is no foaral bekend as sjoernalist, mar Johan Derksen fuotballe yn it ferline ek 105 wedstriden foar SC Cambuur. Begjin jierren '70 spile er fjouwer kear de Fryske derby. Hy hat der noch hieltyd goeie oantinkens oan.

Snein is it Fryske derbydei. Bynt Sport stiet freed dêrom hielendal yn it teken fan de striid tusken SC Hearrenfean en SC Cambuur. Under oare Cambuur-oanfierder Sjoerd Overgoor en âld-spiler fan SC Hearrenfean Joop Gall skowe oan.

Omrop Fryslân stjoert de derby live út op radio. De wedstriid begjint om 14.30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)