Farferbining Drachten-Ljouwert moat op de skeppe

30 okt 2015 - 14:16

De farferbinining tusken Ljouwert en Drachten giet de kommende jieren mooglik op de skeppe. De hjoeddeiske farferbining is te smel en te ûndjip foar de nijste frachtskippen. Dêrtroch driigje guon bedriuwen Drachten te ferlitten. De provinsje sil no tegearre mei de gemeente Smellingerlân ûndersyk dwaan nei trije mooglike oplossings.

Sa soe de besteande farferbining oanpast wurde kinne, mar ek binne der twa opsjes foar in foslein nije ferbining. De kosten foar de ferskate opsjes lizze tusken de 25 en 75 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)