Henk Veerman mist derby tsjin SC Cambuur troch reade kaart

30 okt 2015 - 13:21

Hearrenfeanspiler Henk Veerman mist kommende snein de wedstryd tsjin Cambuur, ek spilet er nije wike net tsjin Twente. Veerman hat in skorsing fan trije wedstriden krigen, wêrfan ien ûnder betingst. De fuotballer krijt de straf omdat er tongersdei in reade kaart krige yn de wedstryd tsjin Helmond Sport. Dat wie omdat er in tsjinstanner mei de earmtakke yn it gesicht stjitte.

Veerman giet net yn berop tsjin de straf. De logyske ferfanger foar Veerman is Mitchell te Vrede. Te Vrede hat syn skorsing fan trije wedstriden krekt útsitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)