Fytster ferwûne nei oanriding mei auto yn Ljouwert

30 okt 2015 - 09:02

By in ûngelok op de krusing fan de Merelstrjitte en de Leeuwerikstrjitte yn Ljouwert is freedtemoarn in fytster ferwûne rekke. De frou waard oanriden troch in auto. Der like earst sprake fan te wêzen dat de frou fêst siet ûnder de auto, mar dat wie net it gefal.

It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok barre koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)