Fûgels blike dochs sljocht op Waadoesters te wêzen

29 okt 2015 - 22:48
  • Waadsee

Ut tellingen fan de Waddenunit fan ekonomyske saken yn 'e mande mei Rykswettersteat docht bliken dat der tûzenen fûgels oan fretten komme op oesterbanken yn it Waadgebiet. En dat is bysûnder, want it ferhaal wie dat fûgels fuort bleaune fan oesters omdat sy de poaten iepenhelje soene oan de skerpe rânen fan de skulpbisten.

De Japanske oester is in eksoat dy't hjir eins net thúsheart, mar no yn hiele grutte oantallen foarkomt yn de Waadsee. Dat like min út te pakken foar moksels en fûgels, mar dat liket no ta te fallen.

Op oesterbanken by Gryn binne koartlyn bygelyks noch twatûzen fûgels teld. En in part fan dy fûgels frette moksels. Dy hechtsje harren oan de oesters, sa docht no bliken. Wat dat oanbelanget meitsje de moksels dochs wer in 'comeback', sa sizze de minsken fan de Waddenunit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)