Griene auto's ride nei Utrecht om climate march te stypjen

29 okt 2015 - 22:32

As wy noch in alvestêdetocht ha wolle, dan moatte wy grien ride. Slurpende benzine- en diselauto's moatte fuort. Kommend wykein freget klimaattoer Fryslân hjir omtinken foar. Sneon ride se mei 40 griene auto's nei Utrecht om de 'Climate March' te stypjen. Dat is in tocht fan Utrecht nei Parys, ek om mear omtinken te freegjen foar it klimaat.

De klimaattoer fan sneon rydt by ferskillende klimaatneutrale plakken del yn Fryslân. De start is dêrom by de nije Elfstedenhal, want dy is ek klimaatneutraal en de alvestêdetocht begjint dêr.

De toer komt snein oan yn Utert. Sneon wurdt der oernachte yn Zwolle. Under oare Piet Paulusma sil dêr in lêzing jaan oer it klimaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)