Grutte opknapbeurt foar de haven fan Lauwerseach

29 okt 2015 - 21:45

De haven fan Lauwerseach wurdt foar 4 miljoen euro opknapt. Tongersdeitemiddei waard dêrfoar it offisjele startsein jûn. Foar dat jild sil ûnder oare de havenkade 200 meter langer makke. Benammen de fiskers hawwe hjir al hiel lang op wachte. De haven wurdt better berikber en se krije mear romte foar it laden en lossen fan guod. Ek de passantehaven wurdt opnij ynrjochte mei in rommere trochfeart, tagong foar baggerskippen en in driuwende steiger.

De fargeul nei de Noardsee moat ek noch útbaggere wurde, dêr falt meikoarten in beslút oer.

Trefwurden: 
haven Lauwerseach havenkade
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)