Jongeren ûnderfine hoe't it riden ûnder ynfloed fielt

29 okt 2015 - 19:40

It Regionaal Orgaan ferkearsfeilichheid Fryslân en Responsible Young Drivers, hawwe in kampanje ûntwikkele om jongerein bewust te meitsjen fan it gebrûk fan alkohol en drugs achter it stjoer. De kampanje lit jongeren troch in simulator en in 'virtual reality bril' ûnderfine wat de gefaren binne fan alkohol en drugs yn it ferkear. Yn de rydsimulator kinne de jongeren in middel kieze, lykas alkohol, paddo's of XTC. Ferfolgens belibje se de autorit mei de by dat middel hearrende effekten.

De kampanje hjit 3D Tripping en wurdt 2 novimber offisjeel lansearre op de NHL troch deputearre Sietske Poepjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)