Magda Berndsen nimt ôfskied fan de Twadde Keamer

29 okt 2015 - 17:55

Magda Berndsen, It Fryske Twadde Keamerlid foar D66, hat tongersdei ôfskied naam fan de Twadde Keamer. Keamerfoarsitter Van Miltenburg neamde Berndsen yn har ôfskiedsspeech "een zeer actief en gewaardeerd Kamerlid." Berndsen hâldt op as keamerlid om't it reizgjen tusken Burdaard en Den Haach har te swier wurden is. Berndsen siet sûnt 2010 yn de Twadde Keamer. Har portefúljes wiene feilichheid en justysje, wêrby't se har benammen dwaande hold mei de reguliering fan it ferbouwen fan himp.

Yn totaal naam Berndsen diel oan 173 Algemien Oerlizzen, 33 rûnetafelkonferinsjes, 99 plenêre debatten, 15 wetjouwingsoerlizzen en 124 prosedueregearkomsten. In grut part fan dizze aktiviteiten die se as foarsitter fan de fêste Keamerkommisje foar Binnenlânske Saken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)