FIDEO: Fryske help yn Nepal, diel 4

29 okt 2015 - 17:43
  • In ynstoarten skoalle yn Nepal

In healjier lyn waard Nepal troffen troch in tige swiere ierdbeving. Mear as achttûzen minsken kamen dêrby om it libben en hûnderttûzenen rekken ferwûne. Ferslachjouwer Gerrit de Boer reizge mei de Fryske helporganisaasje Stichting Studenten en Musahar project Nepal, SMPN nei Nepal om te sjen hoe't de situaasje no is. Hy wie as ien fan de earste sjoernalisten fan de wrâld yn it episintrum fan it ierdbevingsgebiet yn Nepal.

Dizze wike yn Bynt, omropfryslan.nl en de omrop-app alle dagen in reportaazje. Yn de lêste ôflevering sjogge wy hoe't it is mei de skoallen dy't boud binne troch SMPN. Hoe sa se de ierdbeving trochstien en wat moat der noch barre?

Mear oer de reis is te finen op de spesjale Nepal-side. Dêr binne ek petearen te sjen mei SMPN-bestjoersleden Gerda Breeuwsma en Froukje Nijholt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)