TBS fan Sietske H. wurdt mei in jier ferlingd

29 okt 2015 - 15:49

De tbs fan Sietske H. wurdt mei in jier ferlingd. Dat hat de rjochtbank tongersdeitemiddei besletten. Dêrmei giet de rjochter mei yn it advys fan de klinyk dêr't Sietske H. behannele wurdt. Ek sy sels hie twa wiken lyn oanjûn graach in ferlinging te wollen.

Sietske H. waard yn 2012 feroardiele ta trije jier sel mei tbs en twangferpleging, fanwege it ombringen fan har fjouwer poppen. Se is de ôfrûne jierren behannele en wennet no wer selsstannich. Al giet se alle dagen nei de klinyk foar behanneling.

Trefwurden: 
Sietske H. TBS
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)