'De Tomme' soarchpriis tongersdei útrikt op It Hearrenfean

29 okt 2015 - 12:56

De winner fan de soarchpriis 'De Tomme' wurdt tongersdeitemiddei bekend makke troch wethâlder Jelle Zoetendal fan It Hearrenfean. Dêr is in grut soarchkongres. De priis giet alle jierren nei in inisjatyf om de soarch te ferbetterjen en te fernijen.

De priis moat minsken stimulearje de soarch op in oare wize oan te pakken. Soarchtaken komme nammentlik hieltyd faker by boargers telâne yn stee fan de oerheid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)