Ferrassende winners FK Judo

07 apr 2012 - 17:54

Ferrassende winners sneon by it Frysk kampioenskip judo yn it Kealledykje yn Ljouwert. By de froulju pakte Daphne Jonker út Snits it goud yn de iepen klasse.

Yn ôfwêzigens fan favoryt Gert Rabe út Nijlân gong de winst by de manlju yn de iepen klasse nei Justus Miltenburg út Drachten.

Tagelyk mei it Frysk kampioenskip waard ek it Nederlânsk kampioenskip oant 17 jier holden. Nettsjinsteande de konkurrinsje sjocht de organisaasje werom op in tige slagge kampioenskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)