Trije ton om it oansicht fan Grou op te knappen

29 okt 2015 - 12:16

Meikoarten kin úteinset wurde mei it opknappen fan de entree fan Grou. Earder dit jier waard al dúdlik dat de gemeente Ljouwert oardel miljoen euro yn it doarp stekke wol. Doel is it kreazer meitsjen fan it oansicht fan it doarp, it opknappen fan it Wilhelminapark en it ferbetterjen fan it Halbertsmaplein.

As earste stiet de entree fan it doarp op de aginda; sawol fan de dyk ôf as fan it wetter ôf moat dit moaier wurde. De gemeente hat dêr 300.000 euro foar oer.

De wurkgroep Rode Loper út it doarp ûntwikkelet de plannen om dat jild te besteegjen. Harren doel is úteinlik dat minsken it idee hawwe dat sy wat mist hawwe, as se Grou foarby ride, sa seit Patrick Koene fan de wurkgroep.

Dêrfoar soe der bygelyks wat mei it akwadukt dien wurde kinne. Ek soe de grienstrook by it Prinses Margrietkanaal del oantrekliker makke wurde kinne, de paadwizers dúdliker en binne der plannen foar digitale oankundigingsbuorden.

De rotonde op de Stasjonswei kin ek in stik moaier, fynt Koene. Dat soe bygelyks mei in keunstwurk kinne.

Trefwurden: 
Grou opknapbeurt entree
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)