Hieltiid minder Friezen bine redens ûnder

29 okt 2015 - 10:28

It tal reedriders yn Fryslân rint ek dit jier bot werom. Dat docht bliken út sifers fan 'e KNSB. It tal minsken dat by in offisjele klup traint, is ôfnaam mei sa'n 15 persint. Fryslân giet dêrmei mei yn de lanlike trend.

De KNSB yn Fryslân makket him lykwols gjin soargen oer de delgong. Neffens ynterim-foarsitter Johannes de Vries hat de delgong alles te krijen mei de minne winters. As der wer iis leit dan sil it tal reedriders ek wer groeie, tinkt er.

Boppedat binne der yn Fryslân de lêste tiid mear bern dy't begjinne mei reedriden, ûnder oaren troch it skoalreedriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)