Kollum: "It nijs fan de Bûten Post"

29 okt 2015 - 08:46
  • De Toan fan Bart Kingma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tongersdei de radiokollum fan Bart Kingma. Bart Kingma wennet yn Ried en wurket as programmamakker by Omrop Fryslân. Dêrneist is er kollumnist foar De Moanne en beheart er in eigen webside www.debutenpost.nl. Yn 2010 ferskynde fan syn hân de roman ‘Griene Simmer’. De kollum fan Bart bestiet út in oersjoch fan de (satiryske) nijsberjochten út De Bûten Post.

"Goemoarn, dit is it nijs fan De Bûten Post fan dizze wike.

VVD-fraksjefoarsitter yn de Twadde Keamer Halbe Zijlstra hat juster in kûgelbyfstik ûntfongen. De kûgelbyfstik is anonym nei de politikus tastjoerd troch slachter Nauta fan Easterwâlde. Neffens Nauta is de oerienkomst tusken polityk en byfstik dat se bêst oan de bûtenkant wat oanbakt wurde meie, mar dat de binnenkant moai read bliuwe moat. "It falt ús allegear wat rau op it dak wat de fraksjefoarsitter seit", sa leit slachter Nauta út.

"De útspraken fan Halbe Zijlstra binne aardich krûde, en dat is faak in teken fan mindere kwaliteit fleis. Dus wy tochten der goed oan te dwaan him dizze kûgelbyfstik te stjoeren. As hy dy foarsichtich oansnijt, smakket de reade binnenkant it lekkerst", neffens de slachter.

De measte dochters yn ús lân fiele der net folle foar om ferkrêfte te wurden, ek as dat bart troch in autochtoane Nederlanner. Dat docht bliken út resint ûndersyk fan buro OpiNu. De útkomst is in tsjinslach foar har heiten en memmen dy't protestearje tsjin de komst fan flechtlingen yn ús lân. Sa'n tûzen famkes tusken 10 en 18 jier waarden ûnderfrege, en dik 98 persint sei it net op priis te stellen om ferkrêfte te wurden. Hast allegear joegen se oan likemin te fielen foar ferkrêfting troch in bûtenlanner as troch in autochtoan.

Troepen yn de kazematten by Koarnwertersân soenen seker fjouwer dagen stân hâlde moatte kinne tsjin oplûkende neonazys. Dat ferwachtet boargemaster Roel Sluiter fan Harns. Hy tinkt dan ek dat it oant yn elts gefal ein dizze wike rêstich bliuwe sil yn de havenstêd. Sluiter makket him wol soargen oer de oankundige komst fan neonazys, mar seit te fertrouwen op de krêft fan de kazematten.

De lieding fan de bunkers hat de boargemaster fersekere dat se, basearre op eardere ûnderfinings, it yn elts gefal fjouwer dagen folhâlde kinne. Yntusken sil Sluiter op syk nei in duorsume oplossing.

De Dikke Van Dale ferliest wer in wurd út syn fokabulêre. It folsleine bestjoer fan Van Dale hat moandeitemiddei besletten om 'one tier board' út it wurdboek te skrassen. Neffens Van Dale is der yn ús lân gjinien mear dy't it wurd brûkt. Allinnich yn de omjouwing fan It Hearrenfean wienen der oant foar koart noch minsken dy't fan it bestean derfan wisten. Mar moandei die bliken dat ek dêr it wurd yn ûnbrûk rekke is, en doe is besletten de nasjonale wurdskat te befrijen fan it 'one tier board'.

It oerke ekstra sliep is in grut foardiel dat de wintertiid biedt. Dat fynt Sjoukje Braaksma. De 16-jierrige ynwenster fan Aldhoarne hat dan ek bot sin oan de kommende moannen, wêryn't se alle dagen in ekstra oere sliepe wol. Se fynt it spitich dat dat yn de simmertiid net sa is, mar begrypt wol dat dat te yngewikkeld wurde soe. Wêrom't de lestiden op skoalle sûnt fan 'e wike feroare binne is har noch net hielendal dúdlik.

Ferkear. De plysje sil by in ferkearskontrôle yn Snits goed sjen oft fytsers harren ljocht wol oan ha. Neffens de plysje is it fan belang om de minsken bewust te meitsjen fan it belang fan goeie sichtberens op de fyts. De kontrôle is op ferskillende plakken yn de binnenstêd fan 12.00 oant 15.00 oere."

Lês mear stikken fan Bart Kingma op De Bûten Post. Freed wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke Sietsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)