Harns jout grien ljocht foar ekstra oere fergees parkeare

28 okt 2015 - 21:25

Besikers en ynwenners fan Harns kinne fan 1 jannewaris 2016 ôf fergees parkeare nei fiif oere middeis. Dat is woansdei besletten yn de riedsgearkomste fan de gemeente. It foarstel kaam fan de koälysjepartijen PvdA, Harnzer Belang en CDA. No moatte besikers fan de stêd noch oant seis oere foar in parkearkaartsje betelje. 

De ried hat ek ynstimd mei it ienfâldiger meitsje fan de regels foar it langparkearen. Sa ferdwynt it ferskaat oan parkearsônes yn de binnenstêd en wurdt dêr ien sône fan makke.

De maatregels moatte Harns oantrekliker meitsje foar besikers.

Foar de Voorstraat, de Waddenpromenade, it camperplak en it parkearterrein Spoorstraat feroarje de tiden net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)