ONS wint mei 1-0 op Urk

© awfoto.nl
ONS hat mei 1-0 wûn fan Urk. Op Urk hienen de Snitsers it dreech tsjin de nûmer tolve. Nei in goed heal oere spyljen moast ONS boppedat fierder sûnder Leo de Wagt, dy't it fjild ferlitte moast mei in blessuere oan 'e knibbel. Beide ploegen gongen mei in stân fan 0-0 de klaaikeamers yn.
Yn de twadde helte soarge Jurjen Bosch foar de winnende treffer. Nei in fernimstich oerstapke fan Martijn Roosenburg wist er de pass fan Patrick Goedhart binnen te sjitten. Wichtige punten foar de Snitsers yn de striid om it kampioenskip yn de haadklasse C.
ONS stiet no mei 42 punten út 22 wedstriden op it twadde plak, 3 punten ûnder koprinner WHC.