Harkiten ferlieze fan nûmer 3

07 apr 2012 - 16:31

Harkemase Boys hat sneontemiddei mei 2-1 ferlern fan nûmer 3 GVVV. Op sportpark De Bosk setten de Harkiten goed útein. Al nei 9 minuten tekene Arjen Bergsma foar de 1-0. De gasten út Veenendaal hienen dêrnei it bettere fan it spul, mar de lykmakker bleau lang út.

Nei it skoft sette GVVV de ferwachte lykmakker op it boerd, wêrnei't de gasten flot dêrnei ek de 2-1 makken. De Harkiten krigen noch in hânfol kânsen, mar skoard waard der net mear. Twa reade kaarten yn de slotfaze oan de kant fan de Boys makken it ferlies noch soerder.

Harkemase Boys stiet no mei 22 punten út 26 wedstriden op it 13e plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)