Flechtlingedebat ferhurdet neffens Ljouwerter buro Tûmba

28 okt 2015 - 16:42

It debat rûn de flechtlingen ferhurdet neffens Tûmba, it ekspertizeburo tsjin diskriminaasjesaken yn Fryslân. Neffens edukatyf meiwurker Arnold Helmantel wurde mieningen faak trochinoar helle mei foaroardielen. Minsken prate elkoar faak nei, sûnder nei te tinken. 

Hy fernimt dat bygelyks op de skoallen dêr't der les jout. Dy lessen oer foaroardielen oer flechtlingen stiene al pland. Om't it no sa aktueel is heakket Helmantel fan Tûmba dêr mear op yn. Der binne in soad fragen en ûndúdlikens oer de flechtlingen ûnder de skoalbern. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)