Dieven stelle sigaretten út boekhannel yn Wolvegea

28 okt 2015 - 15:11

By boekhannel Read Shop Zwikstra yn de Van Harenstrjitte yn Wolvegea is yn de nacht fan tiisdei op woansdei ynbrutsen. Om healwei trijen hinne waard de doar fan de winkel fernield troch trije minsken.

De ynbrekkers hawwe yn alle gefallen sigaretten meinaam. Oer de dieders is noch neat bekend. De plysje yn Wolvegea is op syk nei tsjûgen fan de ynbraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)