Steatssiktaris Dijkhoff stipet Crone yn ûndersyk nei Udo D.

28 okt 2015 - 14:51

Steatssekretaris Dijkhoff fan justysje stiet folslein achter de oprop fan boargemaster Crone om in ûnôfhinklik ûndersyk nei de gong fan saken mei Udo D. Dizze eks-tbs-er brocht op de Alde Lune yn Ljouwert foarige wike in frou om it libben. Foar dy tiid hie er trije oare froulju bedrige en mishannele.

Dijkhoff skriuwt yn in brief oan de Twadde Keamer dat er djip skokt is troch wat der bard is. De Ynspeksje Veiligheid en Justitie èn de Ynspeksje foar de Folkssûnens dogge tegearre ûndersyk. Dat moat foar de ein fan dit jier klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)