Plysje fynt stellen boat en bûtenboardmotoaren yn Grou

28 okt 2015 - 14:02

De plysje fan Grou siket de eigener fan in rubberboatsje en twa bûtenboardmotoaren. It boatsje is fûn by it brechje oan de J.S. Visserwei yn Grou. Oan de boat siet in Evinrude-motor, yn de boat lei in Yamaha-motor.

De plysje tinkt dat it guod stellen is en wol graach witte wa't de eigener is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)