Skylge rikt dit jier gjin Lutinepriis út

28 okt 2015 - 13:48

De gemeente Skylge rikt dit jier gjin Lutinepriis út. Dy priis giet nei de skriuwer fan in boek dat de kennis oer it eilân fergruttet. Dit jier is der lykwols gjin boek ferskynd dat yn oanmerking komt foar de priis.

In advyskommisje hat dat beoardiele en boargemaster en wethâlders nimme dat advys oer. It beslút is ek naam omdat Skylge foarkomme wol dat de priis oan wearde ferliest, as it nei in boek giet dat winliken net goed genôch is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)