Sietske út Jorwert: sitewaasje flechtlingen Lesbos skrinend

28 okt 2015 - 12:58

De sitewaasje mei de boatflechtlingen op de Grykske eilannen is noch wol 100 kear slimmer as je sjogge en hearre yn de media. Dat seit Sietske Visser út Jorwert. Mei har freondinne Mieke van Heijkop fan It Hearrenfean besiket sy mei de stichting Bootvluchteling de flechtlingen oan droege klean te helpen.

De beide Friezinnen binne sneon oankommen op Lesbos en bliuwe acht dagen. Se hawwe al tûzenen flechtlingen sjoen. Sietske Visser is ferbjustere oer hoe min de opfang fan flechtlingen op Lesbos regele is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)